Tialda Hoogeveen skriuwt gedichten, (koarte) ferhalen en non-fiksje foar bern op de basisskoalle en op de middelbere skoalle. Yn har ferhalen is der faak plak foar magyske eleminten. De non-fiksje ûnderwerpen binne natuer en skiednis. As Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân giet se by basisskoallen, middelbere skoallen en biblioteken del om foar te lêzen en te fertellen oer har wurk en dat fan har kollega’s.
Wybo Smids is bekend as akteur yn tal fan teäterproduksjes, sawol foar as efter de skermen. Neist it toanielspyljen set hy him nammentlik ek graach yn foar oare dissiplines yn it amateurtoaniel yn Fryslân: foarmjouwing en fideo. Wybo spile yn 2016, 2018, 2021, 2023 mei in soad passy yn Musical Master Gysbert, as Master Gysbert! No sjocht hy der nei út om in hiel soad moaie gedichten fan de skoalbern út hiel Fryslân te krijen.
Gertrud Palstra is Adviseur Meartaligens en Frysk by FERS en wurket foar alle Fryske biblioteken. Gertrud hâldt fan ferskate foarmen fan ferhalen: it lêzen fan ferhalen út in boek, it fertellen fan ferhalen, it sjen nei in moaie film of it belibjen fan in ferhaal yn it teäter. Ek it betinken en skriuwen fan teksten en gedichten fynt sy hiel leuk en dêrom folget sy lessen oan de Skriuwersfakskoalle.