De Gysbert Japicxpriis, neamd nei de 17de iuwske dichter Gysbert Japicx, is in priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk. Dy literatuerpriis wurdt takend troch Deputearre Steaten fan Fryslân, dy’t har advisearje lit troch in s.n. ‘advyskommisje’, in kommisje fan saakkundigen. De priiswinner kriget in oarkonde en in priisbedrach.
De Gysbert Japicxpriis bestiet sûnt 1947 en is yn deselde snuorje ynsteld as de P.C.Hooftprijs. De frekwinsje fan de priistakenning feroare yn de rin fan ‘e jierren, mar wurdt no om it jier takend, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. De útrikking fynt plak yn Boalsert, it berteplak fan de nammejouwer fan de priis. Nei de offisjele útrikking giet de winner nei it Gysbert Japicxhûs om syn of har hantekening op ien fan de balken te setten, in prachtige tradysje. Sûnt 2013 wurdt nei it idee fan de Gysbert Japicx Holckema Stichting ek de ©Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt oan it bêste Fryske gedicht, skreaun troch in learling fan groep 7/8 fan de basisskoalle. It skriuwen fan Fryske gedichten is in ûnderdiel fan in edukaasjeprojekt.
Oersjoch priiswinners Gysbert Japicxpriis:
2023 - Jetske Bilker - Spegel en sonde
2021 - Eeltsje Hettinga - wurk as Dichter fan Fryslân
2019 - Aggie van der Meer: hiele oeuvre
2017 – Eppie Dam: Fallend Ljocht (bondel)
2015 – Koos Tiemersma: Einum (e-boek)
2013 – Jacobus Q. Smink: Sondelfal (bondel)
2011 – Durk van der Ploeg : hiele oeuvre
2009 – Anne Feddema: Reidhintsje op ’e Styx (poëzy)
2007 – Josse de Haan: hiele oeuvre
2005 – Abe de Vries: In waarm wek altyd (poëzy)
2003 – Willem Tjerkstra: Ridder fan Snits (roman)
2001 – Tsjêbbe Hettinga: Fan oer see en fierder (dichtbondel)
1998 – Piter Boersma: It libben sels (roman)
1995 – Trinus Riemersma: De reade bwarre (roman)
1992 – Steven H.P. de Jong: De Wuttelhaven del (roman)
1989 – Anne Wadman: hiele oeuvre
1986 – Tiny Mulder: hiele oeuvre
1983 – Sjoerd van der Schaaf: De bijekening (roman)
1981 – Reinder Rienk van der Leest: Kunst en fleanwurk (dichtbondel)
1979 – Ypk fan der Fear: hiele oeuvre
1977 – Jan Wybenga: Lyts Frysk deadeboek (dichtbondel)
1975 – Rink van der Velde: hiele oeuvre
1973 – Willem Abma: De âlde en de leave hear: as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en goaden (dichtbondels)
1971 – Paulus Akkerman: It roer út hannen (roman), Foar de lins/Dat sadwaende (essays)
1969 – net takend
1967 – Trinus Riemersma: Fabryk (roman)
1965 – Jan Wybenga: Barakkekamp (dichtbondel)
1963 – Jo Smit: Bisten en boargers (ferhalebondel)
1961 – Marten Sikkema: hiele oeuvre
1959 – Eeltsje Boates Folkertsma (ôfwiisd): Eachweiding (essays)
1957 – Douwe Tamminga: Balladen (dichtbondel)
1955 – Ulbe van Houten: De hillige histoarje (bijbelverhalen, De sûnde fan Haitze Holwerda (roman)
1953 – Rixt: De gouden rider (dichtbondel)
1952 – Anne Wadman: Kritysk konfoai (essays)
1951 – Sjoerd Spanninga: Spegelskrift en Núnders (dichtbondels)
1950 – Ype Poortinga: Elbrich (roman)
1949 – Fedde Schurer: Simson (bibelsk drama), berimingen fan It boek fan ‘e psalmen
1948 – Nyckle Haisma (postúm): Simmer (novelle)
1947 – Obe Postma: It sil bistean (dichtbondel)