Musical Master Gysbert III


Musical Master Gysbert III – Master hat leaver leaf!


Nei in grutte sukses fan Musical Master Gysbert I yn 2016 (Inkele reis Sabeare) en Musical Master Gysbert II (De Pompeblêdspion), stie yn 2021 Musical Master Gysbert III op de planken. In artistike produksje fan skriuwer en teätermakker Tjerk Kooistra. Akteurs: Wybo Smids, Anke Boersma, Annemiek Schuurman en Thijs Meester.


De tredde foarstelling yn de Master Gysbert- rige wie faaks noch komysker en spannender as de foarige musicals. De bern út de klasse fan Master Gysbert wisten net wat harren oerkaam doe't master fan de iene op de oare dei Egyptysk prate. En dat net allinne: hiel Fryslân feroare yn in soarte fan Egypte. De bern sochten út hoe dit sa kaam. Dat spannende ûndersyk fierde lâns ûnder oaren Cleopatra, Julius Caesar en Rembrandt… Master Gysbert III: in muzikale teäterfoarstelling foar bern, mar net minder aardich foar folwoeksenen, grôtfol meartalichheid, taalgrappen , aktuele ferwizingen, absurditeiten en inkelde pracht lieten. Koart kriemd: Master Gysbert III: in foarstelling foar elkenien dy’t him fiif kertier meinimme liet nei in oare wrâld.


Na het grote succes van Musical Master Gysbert I in 2016 (Inkele reis Sabeare) en Musical Master Gysbert II (De Pompeblêdspion), stond er in 2021 Musical Master Gysbert III op de planken. Een artistieke productie van schrijver en theatermaker Tjerk Kooistra. Acteurs: Wybo Smids, Anke Boersma, Annemiek Schuurman en Thijs Meester.


De derde versie van Musical Master Gysbert was nog komischer en spannender dan de vorige musicals. De kinderen uit de klas van Master Gysbert wisten niet wat hun overkwam toen meester van de ene op de andere dag Egyptisch sprak. En dat niet alleen: Heel Friesland was veranderd in een soort van Egypte. De kinderen gingen op onderzoek uit hoe dat kon. Het spannende onderzoek leidde hun langs Cleopatra, Julius Caesar en Rembrandt… Master Gysbert III: een muzikale theatervoorstelling voor kinderen, maar net zo leuk voor volwassenen! Een voorstelling stikvol meertaligheid, taalgrappen, actualiteiten, absurditeiten en prachtige songs. Kortom: Master Gysbert III: een voorstelling voor iedereen die vijf kwartier meereisde naar een andere wereld.


Voorstellingen 2021:


28, 29, 30 september en 1 oktober in Sporthal De Middelzee in Bolsward.

5 en 7 oktober in M.F.C. De Skâns in Gorredijk.

11 en 12 oktober in Theater De Koornbeurs in Franeker.

14 en 15 oktober in Theaterkerk De Bidler in Warga.

19 en 20 oktober in de Tüöttenzaal in Theater Sneek.

3 en 5 november in De Tiid in Bolsward.


Mei tank oan: Cedin, Akte2, Tidder interactive, lokaasjes.


______________________________________________________________________________________________________________________________________

Skriuwer en artistyk lieder: Tjerk Kooistra

Akteurs: Annemiek Schuurman, Anke Boersma, Wybo Smids en Thijs Meester

Projekt- en saaklik lieder: Rieneke Speerstra


Tjerk Kooistra (betinker en skriuwer), mei akteurs: Annemiek Schuurman, Anke Boersma, Wybo Smids en Thijs Meester

Tjerk Kooistra, mei akteurs: Annemiek Schuurman, Anke Boersma, Wybo Smids en Thijs Meester.


Musical Master Gysbert III is mooglik makke troch: Provinsje Fryslân, Gemeente Súdwest-Fryslân, Feitsmafûns, Douwe Kalma Stichting, Stichting Sint Anthony Gasthuis, Stichting het Weeshuis, Hendrick Nannes- en Catrijn Epes Stichting, Cultuurfonds-afdeling Fryslân, Fonds Bolsward-Dronrijp 1993, Ritske Boelema Gasthuis, Jan Roelof Geertsmafonds.


De provinsjale skoalfoarstellingen 2021 (Boalsert, Gordyk, Frjentsjer en Wergea) binne ôfrûn.

Der kamen sa'n 2500 bern en harren heiten, memmen, masters en juffers. In grut súkses!


Yn de hjerstfakânsje 2021 wiene der famyljefoarstellingen (foar jong en âld!) yn de grutte seal yn Teäter Snits!

In prachtige ôfsluting wie der op de jûn fan 20 oktober, mei alle partijen en minsken dy't belutsen wiene.


Yn de wike foarôfgeand oan de Gysbert Japicxpriis,  wiene der foarstellingen yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert.


Lesprogramma Gysbert Japicx & it Frysk
Share by: