De Lytse Gysbert Japicxpriis is -dé priis foar it bêste Fryske gedicht-, makke troch in learling
út
groep 7 of 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân en bestiet sûnt 2013 nei in idee fan de Gysbert Japicx Holckema Stichting.
De priis wurdt op sneon 11 oktober 2025 útrikt as ûnderdiel fan it programma fan de provinsjale Gysbert Japicxpriis, de wichtichste priis foar Frysk literêr wurk, neamd nei de grûnlizzer fan de skreaune Fryske taal: Gysbert Japicx (1603-1666).
Wolsto as skoalle of as learling meidwaan oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025?
Priiswinners fan de Lytse Gysbert Japicxpriis:
2023 - Sytze de Haas mei it gedicht: Ik gean fuort
Regioskoalle de Greidefûgel - Baard
2021 - Elbrich Ouderkerken mei it gedicht: De Berchein
De Blinker - Boalsert
2019 - Anna van der Kort mei it gedicht: De Sjiraf
Sint Maartenskoalle - Boalsert
2018 Robert Jan van Hardeveld mei it gedicht: Reedride
Trijegeasterhonk - Ousterhaule
2017 Jens Zuiderbaan mei it gedicht: Fakânsje
De Fluessen - Aldegea (Fryske Marren)
2015 Anne Veuger mei it gedicht: Hjerst
De Oudvaart - Snits
2015 Michelle Zeilstra mei it gedicht: Natuer
De Oudvaart - Snits
2013 Nynke Groenveld met it gedicht: Waar
CBS de Bron te Bolsward
2013 Jenske de Lange mei it gedicht: Dreamen
De Bron - Boalsert
De priiswinner kriget in 'Gouden' fear en set syn of har namme op in spesjaal boerd yn it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan Gysbert Japicx (1603-1666) yn Boalsert.